Opliedingsskip ferkocht

23 jul 2002 - 00:00

It opliedingsskip Prinses Margriet fan it Maritym Ynstitút Willem Barentsz op Skylge is tiisdei yn Harns oerdroegen oan de nije eigner. It skip is ferkocht oan in partikulier dy't der in lúks passazjiersskip fan meitsje sil.

De Prinses Margriet kriget mei inoar 25 sliepplakken yn 12 hutten. Oan dek komt in swimbad. De eigner wol mei it skip cruises meitsje nei de Middellânske See.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)