Damshûs wol erkend wurde

© Omrop Fryslân
Museum It Damshûs yn Nij Beets wol as erkend museum registrearre wurde. Dêrmei kin it museum makliker subsydzjes krije en jild fan fûnsen oanfreegje. Dat is belangryk om't it museum útwreidzje wol.
Wethâlder De Boer fan Opsterlân wol ekstra jild útlûke foar it beskriuwen fan de kolleksje fan it museum. Dat is fan belang as it museum offisjeel erkend wurde wol.