Keamerneed wurdt slimmer
De keamerneed ûnder studinten yn Ljouwert wurdt hieltyd slimmer. De gemiddelde wachttiid is neffens de stifting Studintehúsfesting Ljouwert al oprûn nei in jier.
Troch de strangere wetjouwing binne der net mear in soad partikulieren dy't in keamer ferhiere. De keamers moatte no oan strangere feilichheidseasken foldwaan.