Plysje wol hurdere CAO-aksjes

09 mrt 2012 - 15:22
  • Plysjemotor

Plysjeminsken yn Fryslan wolle dat der gau hurdere aksjes komme foar in bettere CAO. Dat die freed bliken op in ledegearkomste yn Drachten. Hjir waarden de meiwurkers troch de bûnen bypraat oer de stân fan saken.

It giet de plysje benammen om de sekundêre arbeidsbetingsten. Sa soe it betiidpensjoen feroarje kinne. Ek wol de minister de wurktidewet oanpasse wêrtroch plysjeminsken langer wurkje moatte en koarter skoft hawwe. Ek soene ôfspraken út 2008 oer beleaning fan it swiere plysjewurk net neikommen wurde.

De plysjebûnen fine it bod fan 'e minister sa min dat se it op dit stuit noch net foar stemming foarlizze wolle oan harren leden. Der wurdt no earst wachte op in reaksje fan it ministearje. As dy net gau komt, wurde de aksjes útwreide.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)