Ferwûne troch ûntwiken kat
In frou út Ljouwert (20) is tongersdei- tenacht ferwûne rekke by in ûngelok op de A7 by Boalsert. De frou ried rjochting Snits doe't ynienen in kat de dyk oerstuts. De frou woe de kat ûntwike, remme en rekke yn in slip.
De frou botste tsjin de fangrail en sloech mei de auto twa kear oer de kop. Se rekke ferwûne oan 'e holle en hie kniesde ribben. De auto wie total loss.