Flinterberm by fersin fernield
De flinterberm by de Canterlandsewei is fan Gytsjerk oant it alvestêdebrechje hielendal koart meand. De berm is dêr- troch folslein fernield. Leanbedriuw Jelle Bylsma hat de berm by fersin meinommen.
De Wielenwurkgroep, de behearder fan de flinterberm, is al tolve jier dwaande om sa'n grut mooglik ferskaat oan flinters werom te bringen yn de berm.