Henk Schievink wint fierljeppen

18 jul 2002 - 00:00

Henk Schievink fan Burgum hat woansdei it fierljeppen op 'e Jouwer wûn. Mei 17,71 bleau er Rein van der Wal krekt foar. Van der Wal waard twadde mei 17,56. Klaas Haanstra einige as tredde mei 17,30.

Bart Helmhout, ek út Burgum, hat de wedstriid by de junioaren wûn. Jantina de Vreeze wûn by de froulju en by de jonges gie de titel nei Piet Scherjon.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)