Fryske sjauffeur yn Frânske sel

© Omrop Fryslân
Frachtweinsjauffeur De Boer is wer thús yn Aldeberkeap nei't er tsien wike fêstsitten hat yn Frankryk. Hy wie oppakt op fertinking fan drugssmokkel.
De sjauffeur wie ûnderweis foar transportbedriuw Van der Werf fan It Hearrenfean. Hy ûntkent drugs smokkele te hawwen. Mei help fan in advokaat is it slagge De Boer frij te krijen. Hy kaam woansdeitenacht om 12.00 oere thús.