Minder lean foar personeel Tinga

17 jul 2002 - 00:00

De wurknimmers fan Tinga yn Winsum moatte op jierbasis 5 persint lean ynleverje. Dat komt om't der fan heal septimber ôf net mear op sneon wurke wurdt. Sa ferdwynt de wykeintaslach. Tinga nimt dizze maatregel om't der minder opdrachten binnenkomme.

By Tinga wurdt houtwurk lykas doarren en ruten makke. Der wurkje 60 minsken. Twongen ûntslaggen bliuwe út.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)