90% Fryske swimbaden net feilich

17 jul 2002 - 00:00

90 persint fan de Fryske swimbaden foldocht net oan de feilichheidseasken. Dat docht bliken út in nasjonaal swimbad-ûndersyk. De feilichheidseasken binne oanskerpt nei in pear ûngemakken yn swimbaden.

Sa kaam yn maaie in part fan in fentilaasjebuis nei ûnderen yn swimbad De Blauwe Golf yn Ljouwert. Der moat yn it ferfolch stranger kontrolearre wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)