Manlju yn boatsje fan see helle

16 jul 2002 - 00:00

Rêdingsboat Koning Willem I fan Skier- mûntseach hat moandei in rubberboat mei fjouwer manlju fan see helle. Der wiene swierrichheden mei de motor. De manlju farden op de Noardsee, tichtby de grutte skipfeartrûte. Se hiene gjin goede kommunikaasje-apparatuer.

Ien fan de dielnimmers oan de sylrace Lauwerseach-Larvik hat de rêdingsboat fan Skiermûntseach warskôge.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)