Drugsoerlêst falt ta

15 jul 2002 - 00:00

It falt bot ta mei de oerlêst fan de deiopfang foar dak- en thúsleazen oan de Sudergrêftswâl yn Ljouwert. Yn totaal binne der sûnt de iepening yn juny 6 klachten binnen kaam. Ek waarden der yn in tún spuiten en kûgels fûn.

Yn de buert wie in protte wjerstân tsjin de komst fan de opfang. Omwenjenden wiene benaud dat de buert folrinne soe mei drugsbrûkers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)