Fryske diere-asyls grôtfol
De diere-asyls sitte op it stuit grôtfol. Der binne sa folle minsken dy't koart foar de fakânsje har hûn of kat kwyt wolle dat de asyls nee ferkeapje moatte.
Ek by diere-asyl De Wissel yn Ljouwert is de simmerdrokte goed te fernimmen. Alle hokken sitte fol. Ek de measte dierepensions moatte dierebesitters teloarstelle.