Transponder foar loftballons

© Omrop Fryslân
Fryske ballonfarders meitsje har noch gjin soargen oer de fan 1 jannewaris ôf ferplichte transponder. It ministearje fan Ferkear en Wettersteat wol dat sweeffleantugen en loftballonnen sa'n transponder oan board ha.
De transponder fersterkt radarsinjalen en stjoert gegevens oer de identiteit en hichte fan de ballon werom. Trans- ponders binne wol tige djoer en swier.