Motorrider swierferwûne

© Omrop Fryslân
In motorrider en syn passazjiere binne snein ferwûne rekke yn Molkwar. De 29-jierrige ynwenner fan Boelensleane skrok yn in bocht fan it Noardermar fan in auto en ried de berm yn.
De man rekke swierferwûne oan syn fuotten. Syn 26-jierrige frou dy't achterop siet, rekke ferwûne oan 'e rêch. Beide slachtoffers binne oerbrocht nei it sikehûs yn Snits.