Snitsers hawwe spul om pisjen

15 jul 2002 - 00:00

By fjochterij yn Snits binne snein twa minsken ferwûne rekke. In 54-jierrige Snitser kaam mei de taksy thús, moast pisje en die dat yn 'e boskjes. In 36-jierrige stedgenoat sei der wat fan en de manlju krigen spul. De 36-jierrige joech de pisser in klap yn it gesicht. Wer in oare man bemuoide him dermei en dielde ek in klap út, diskear oan de 36-jierrige Snitser.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)