Trio Lootsma wint yn Boalsert

© Omrop Fryslân
Trije kear is skippersrjocht. Dat jildt foar it keatstrio Sibbele Lootsma, Henk Vlietstra en Jochum Bouma, Nei 3 kear in tredde priis wûnen se snein it frijeformaasjekeatsen yn Boalsert. Twads waarden Johannes Dykstra, Sake Porte en Auke van der Graaf.
De priis foar de útnoegingspartij gie sneon nei Klaas-Anne Terpstra, Sake Porte en Teake Triemstra.