Sylrace nei Larvik

13 jul 2002 - 00:00

Yn Lauwerseach is sneon foar de alfde kear de Colin Archer Sylrace út ein set. Yn fjouwer dagen tiid farre de 120 dielnimmers nei it Noarske Larvik, in ôfstân fan 360 seemilen. Larvik is it berteplak fan boatebouwer Colin Archer.

De belangstelling foar de race nimt de lêste jierren ta. Dochs meie op syn heechst 120 skippen meidwaan, want yn de haven fan Larvik passe net mear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)