Trochwurkje yn de boufak

13 jul 2002 - 00:00

Ien op de fjouwer Fryske boubedriuwen wurket troch yn de boufakânsje. Dat komt troch de boustaking fan earder dit jier. Dat makket Bouwnet bekend.

Njonken de staking spilet ek noch wat oars mei. Bouprojekten moatte yn koartere tiid klear wêze. De staking hat fjouwer wike fertraging opsmiten, sa seit útfierder Boonstra fan Jorritsma Bouw yn Boalsert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)