Kotter fisket propellor op
In garnalekotter út Makkum hat freed in propellor út de Waadsee opfiske. Dat barde by de Dôve Balch. Nei alle gedachten giet it om in eksimplaar út de Twadde Wrâldoarloch.
Skipper Poepjes hat it ding ophongen yn 'e mêst fan syn skip. In museum yn Grinslân hat al belangstelling toand foar it wrekstik.