'Mear omtinken foar Fryske taal'
Bedriuwen moatte mear omtinken jaan oan de Fryske taal. Dat seit Koen Eekma, direkteur fan de AFUK. Benammen yn de tsjinstferliening soe dat mear opsmite kinne foar Fryske bedriuwen.
De AFUK sil takom jier fjouwer tema- magazines útjaan. Ien dêrfan, mei de titel 'Taal en Kommunikaasje', is rjochte op it bedriuwslibben.