Beslút sweeftrein opnij útsteld

12 jul 2002 - 00:00

It kabinet hat de beslútfoarming oer de oanlis fan it Suderseespoar opnij útsteld. Der wurdt net earder as yn septimber in beslút nommen. Dat betsjut dat it nije kabinet fan CDA, LPF en VVD beslisse sil oer de magneetsweefbaan.

Der komt no earst in ûndersyk nei de gefolgen fan it spoar foar Almere. Almere wol oant no ta net meibetelje oan it Suderseespoar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)