Partoer Wassenaar wint yn Wier

11 jul 2002 - 00:00

Rutmer van der Meer, Jacob Wassenaar en Cornelis Terpstra wûnen woansdei yn Wier de frije formaasje keatspartij. It wie foar de earste klassers de fiifde wedstriid yn de twadde searje.

Yn de striid om priis en preemje waard it partoer fan Pieter Bakker, Johan Binnema en Peter de Boer mei 5-1 en 6-4 ferslein. De 3e priis wie foar Pieter Kingma, Peter Dijkstra en André Iedema.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)