Ynwenners Winsum tsjin komst azc
Ynwenners fan Winsum wolle gjin azc yn it doarp of earne oars yn de gemeente Littenseradiel. Dat docht bliken út in enkête dy't doarpsbelang Winsum hâlden hat.
91% fan de ynwenners joech oan tsjin in azc yn Winsum te wêzen. 81 persint woe yn de hiele gemeente gjin azc. Fierder joech 90 persint oan Winsum te lyts te finen foar de opfang fan 250 asylsikers.