Aksje tsjin ympregnearre hout
Wetterskip Fryslân begjint in aksje tsjin ympregnearre hout. Dat wurdt noch te folle brûkt as beskoeiing of steiger. Om't it skealik is foar it oerflaktewetter is it al jierren ferbean om sok hout te brûken yn it wetter.
It wetterskip sil de kommende tiid strang kontrolearje. Oertreders krije in boete en moatte it bouwurk ôfbrekke.