Ryksargyf: mear ynternetbesites

© Omrop Fryslân
It Ryksargyf hat foarich jier minder besikers hân as it jier derfoar. Neffens argivaris De Vries hat dat te krijen mei Simmer 2000. Doe wienen der in soad aktiviteiten dy't ek in soad ekstra besikers lutsen.
It tal besiken op ynternet is ôfrûne jier wol bot tanommen. Fan 270.000 groeide dat nei 400.000 besikers. It Ryksargyf set mear materiaal op it net.