Kootstra nimt PTC+ oer

09 mrt 2012 - 12:44

Undernimmer Rinse Kootstra fan de Grinzer Pein is de nije eigener fan it kompleks fan praktykskoalle PTC+ yn Oentsjerk. Dat waard freed bekendmakke op in parsekonferinsje. It trainings- en kennissintrum foar de feehâlderij bliuwt bestean, mar der wurdt wol mei minder fêst personiel wurke.

Direkteur Jenny van den Bovenkamp fan PTC+ is tefreden mei de oername.
It fuortbestean fan praktykskoalle PTC+ hat in skoft faai stien. PTC+ wol yn de takomst gearwurking sykje mei de Diary Campus by Nij Bosma Zathe by Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)