Wetteroerlêst op Flylân
In flinke tongerbui hat tiisdeitejûn op Flylân foar in soad oerlêst soarge. Mei elkoar ha 22 minsken dwaande west om it wetter fuort te krijen. Yn de Doarpsstrjitte wienen de problemen it grutst. De brânwacht sette in ekstra pomp yn.
Op kamping Stortemelk stienen tal fan tinten ûnder wetter. Trije pompen en in tankwein binne dêr ynset.