Ynfalide man te wetter

© Omrop Fryslân
In âldere man is tiisdei mei syn ynfalidewein yn it wetter fallen. De man ried op de Hettingawei yn De Hommerts. By it oerstekken fan de dyk, kaam de man yn ûnbalâns troch in stoepe. Hy kaam yn it wetter.
De karre sonk fuort, de man koe krekt de holle boppe wetter hâlde. Twa omstanners ha him út it wetter helle. Hy is nei it fersoargingshûs oerbrocht.