Kontrôle op drankferkeap

© Omrop Fryslân
Hoareka-gelegenheden op de Waadeilannen wurde nije wike kontrolearre troch de Keuringstsjinst fan Waren. De tsjinst hâldt yn de gaten oft de ûndernimmers gjin alkohol oan jongeren ûnder de 16 jier ferkeapje. By oertreding fan de wet krije se in flinke boete.
By in kontrôle op Teksel die bliken dat mear as de helte fan de kroechbazen har neat fan it ferbod oanlûkt.