Open Stal yn Aldeberkeap

09 jul 2002 - 00:00

Yn Aldeberkeap is foar de 31e kear Open Stal te sjen. Fan mear as tweintich keunstners is op tal fan plakken yn it doarp wurk te bewûnderjen. It evenemint lûkt alle jierren mear besikers.

Ferline jier doe't Open Stal it 30-jierrich jubileum fierde, kamen 4700 belangstellenden. Dit jier hopet de organisaasje dat tal ek te heljen. Open Stal duorret oant 4 augustus.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)