Treinkaart keapje mei mobyltsje

09 jul 2002 - 00:00

Ferfiersmaatskippij Noordned docht in proef mei de ferkeap fan treinkaartsjes fia de mobile telefoan. De bestelling giet fia in spesjaal telefoannûmer of ynternet. De reizger kriget dêrnei fia sms berjocht dat it klear is.

Op syn heechst 1000 minsken kinne oan de proef meidwaan. Dy moatte dan wol geregeld mei Noordned reizgje. Ien en oar set yn septimber útein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)