Boek oer skiednis fan Starum

© Omrop Fryslân
Ald-boargemaster Oosterhuis hat sneon in boek oer de skiednis fan Starum krige. Dat barde mei in knypeach nei de legende fan it Wyfke fan Starum. In heraut brocht de gasten nei de haven. Dêr stiene fiskers om it boek yn in 'fisk' oan it wyfke oan te bieden. Om't hja dy yn see smiten hie, woe hja de fisk mei it boek net hawwe. Dêrop joech se it oan 'e âld-boargemaster.