Hjerring út Hurdegaryp: 3,5

06 jul 2002 - 00:00

Annema's Vis út Hurdegaryp komt min út de test fan it Algemeen Dagblad nei hjerring. De fisk krijt in 3,5. 'De haring ziet eruit als een lijk, een doods ding dat je aanstaart.' Dat is it kommentaar fan de testers.

De oare Fryske fiskboer dy't ek test is, de Lemster Fiskhal, kaam der mei in 5,5 ôf. Achttjin fan de 74 fiskwinkels krigen mar in foldwaande.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)