Epidemy ûnder seehûnen

© Omrop Fryslân
It tal deade seehûnen is de lêste trije wiken sa tanaam, dat der sprake is fan in epidemy. Al fyftich bisten binne oanspield yn it waadgebiet. Ferline jier wiene dat 15 yn twa moannen tiid.
By fjouwer bisten is it deadlike distemperfirus fûn. In part fan de bisten moat noch ûndersocht wurde. Yn 1988 is sechtich prosint fan de seehûnen ferstoarn oan it firus.