Arend Glas troch nei Torino

© Omrop Fryslân
De Olympyske ambysjes fan 'e Fryske bobslydsker Arend Glas binne noch lang net oer. Hy is dwaande om mei it nije team Bobtech Torino 2006 in nije hightech bobslide te ûntwikkeljen mei bettere izers en fearring. Mei dy slide wol er in goai dwaan nei Olympyske medaljes yn Torino yn 2006.
Bobtech Torino 2006 is in fúzje fan Glas mei twa oare bobteams út Grins.