Undersyk keale einen stopset
De AID set it ûndersyk nei de skalpearre eidereinen stop. It riedsel fan de oarsaak is noch net oplost. De AID en fûgelsaakkundigen binne der net achterkaam hoe't de bisten ferwûne binne.
De ferwûne eidereinen waarden yn maart en april oan de kop fan de Ofslútdyk fûn. Se hiene gjin fearren en ek gjin hûd mear op 'e holle.