Blokkade fan lilke bewenners

© Omrop Fryslân
Buertbewenners fan it Galgeheech yn Rinsumageast blokkearren tongersdei de dyk. Se wienen lilk om't it wetterskip licht fersmoarge bagger (klasse 2) op in stik lân ried. Dat kaam de bewenners oer it mâd.
Wethâlder Debreczeny fan de gemeente Dantumadiel koe it konflikt delbêdzje. Wetterskip Lauwerswâlden slacht it guod tydlik fierder fan de huzen op.