'Mear asylsikers op strjitte'
Der komme mear asylsikers op strjitte troch it nije regearakkoart. Dat tinkt de stichting Respons. De stichting helpt útprosedearre asylsikers.
De meiwurkers kinne de fraach no amper mear oan. Yn de lêste seis moannen kamen 600 flechtlingen om help. De gemeente kin net byspringe om't se de asylsikers sûnder in fergunning om te bliuwen net helpe meie.