Dochs boarje fan wâl ôf
Yn it nije regearakkoart stiet dat dochs boarre wurde mei nei gas yn de Waadsee. Op it lêste momint ha CDA, VVD en LPF dat besletten. De Waadferiening is der fernuvere oer en teloarsteld.
De partijen wolle it boarjen nei gas fan Lauwerseach en Peazens/Moddergat ôf tastean. Neffens de Waadferiening mei net fan de wâl ôf boarre wurde. De Ried fan Steate hat dat yn maart ferbean.