Protestaksjes yn transportsektor
Wurknimmers yn de transportsektor binne fan doel te protestearjen tsjin de nije wetjouwing. Foar de selsstannige frachtweinsjauffeurs, de saneamde eigen riders, hat dy nochal wat gefolgen. As se in fracht ferfiere foar ien opdrachtjouwer, wurde se beskôge as wurknimmer. Wurkjouwers moatte dan premies betelje.
Yn Fryslân binne der sawat 270 eigen riders.