Man ferwûne op it wurk

03 jul 2002 - 00:00

In 36-jierrige ynwenner fan Aldeboarn is tiisdei op syn wurk ferwûne rekke. In kraan wie houten sketten op in skip oan it laden. Ien sket bruts en rekke de wurknimmer yn de rêch. De man foel en kaam mei de holle op twa balken telâne.

De man is yn it sikehûs yn Ljouwert behannele. Dêrnei koe er nei hûs. De arbeidsynspeksje ûndersiket it ûngelok.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)