Jonge keunstner nominearre

© Omrop Fryslân
Hugo Bosgraaf, grafikus by Omrop Fryslân, is nominearre foar de Klaas Dijkstrapriis fan Academie Minerva. De priis fan de Grinzer keunstakademy is foar krekt ôfstudearren yn ferskate kategoryen. De priis is 2500 euro.
Hugo Bosgraaf makke yn de kategoary byldzjende keunst foar syn eineksamen it filmke Elixir Vitae. In sjuery makket de winners 11 oktober bekend.