Plysje: 'komôf kriminelen witte'

02 jul 2002 - 00:00

Fan minderjierrige fertochten wol de plysje de komôf registrearje. Dat stiet yn it rapport oer jeugdkriminaliteit. Neffens de plysje kin de kriminaliteit better oanpakt wurde as bekend is wêr't de fertochten weikomme. De wet ferbiedt sa'n registraasje lykwols.

Yn it rapport stiet ek dat de lêste fjouwer jier minder jonge kriminelen mei de plysje te krijen hân ha.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)