Ipewacht spoart sike beammen op

© Omrop Fryslân
As it tal sike ipen net ôfnimt, is it dien mei de bestriding. De Europeeske subsydzjes hâlde dan op. De Ipewacht is dizze wike begûn alle sike beammen op te spoaren. As de beam oantaaste is troch de besmetlike sykte, moat er sa gau mooglik roaid wurde.
Om Fryslân frij fan de ypsykte te krijen, wurde fan it simmer nei alle gedachten 15.000 beammen roaid.