Protest tsjin hûnefokkerij
In wake ta de neitins fan alle puppys dy't stoarn binne en noch stjerre sille troch misstannen yn de hûnefokkerij koe sneon yn Ljouwert net op in soad publyk rekkenje.
De routsjinst wie organisearre troch de stifting La Gula Lapis, dy't minsken helpt by it útsykjen fan in hûn. It wie in protest tsjin de misstannen yn de kommersjele hûnefokkerij.