'NK damjen moat ek nei Ljouwert'

© Omrop Fryslân
De gemeente Ljouwert wol besykje it Nederlânsk Kampioenskip damjen ek nei de stêd te heljen. Dat sei wethâlder Hafkamp nei ôfrin fan it NK skaken dat yn de Harmonie hâlden waard.
Loek van Wely waard foar de tredde opienfolgjende kear Nederlânsk Kampioen skaken. Frysk súkses wie der foar Sipke Ernst. Hy einige as fjirde en helle as earste Fries in grutmasternoarm.