Draakjefleane Lauwersmargebiet
Sneon waard yn it Lauwersmargebiet it ynternasjonaal draakjesfestival hâlden. Troch de hurde wyn wie it somtiden dreech om de draken yn betwang te hâlden.
As de wyn snein goed stiet sil der besocht wurde om it rekord fan de langste draak te brekken. Ek is snein it Nederlânsk Kampioenskip stunt- draakjefleane.