Deadlik ûngelok by Jirnsum
In ynwenner fan Ljouwert (28) is freed om it libben kaam tusken Grou en Jirnsum. Syn auto begûn te slingerjen, nei alle gedachten om't it glêd wie troch de rein.
De wein botste op in beam en rekke yn 'e sleat. Achter de Ljouwerter ried in frachtwein mei in kraan. Dy hat him gau út de sleat helle, mar doe wie it al te let.