100 nije tips yn saak Vaatstra
Justysje hat yntusken sa'n 100 nije tips binnenkrigen yn de saak Vaatstra. Likernôch 50 tips binne binnenkommen op de spesjale telefoannûmers dy't begjin dizze moanne iepene binne.
De oare tips kamen binnen op it email- adres fan it nije resjerzjeteam dat dwaande is mei in nij ûndersyk yn de moardsaak. Justysje kin noch net sizze oft der brûkbere tips by sitte.